Spring naar inhoud

Wolkom by Masquerade Theater Jongerein

Leuk datsto sjochst op ús webside! Op dit stuit binne we drok dwaande mei ús nije foarstelling. It liket wer in grut spektakel te wurden.

Audysje

Audysjes binne op 16 novimber, fan 10:00 oant 14:00 oere yn “De Bazuin” op’e Trieme.

Wy sykje jongerein fan 8 oant 18 jier mar foaral jongens mei lef foar ferskate rollen yn ús nije stik fol aventoer/striid/leafde en mear. Wêrfan ien jonge yn de leeftiid 13+. Wat sykje wy? Ien dy't net bang is om te klimmen, fallen, fleane en wer opstean (freerun achtig).

Bisto net bang oanlein? Hâldst fan útdaging en aventoer? Kinsto goed tekst ûnthâlde? En hast altyd al ris meidwaan wollen yn in teaterstik? Jouw dy dan foar 13 novimber op foar Dreamlân fia ûndersteand formulier:

Opjefteformulier

Repetysjes binne fanôf jannewaris op tongersdei te jûn fan 19 oant 21.30 en fanôf febrewaris komt ek tiisdeitejûn 19 oant 21.30 + sa no en dan in Repetysje snein yn De Bazuin op’e Trieme.

Útfierings binne op 26,27,28 juny en 3,4,5 july yn Dokkumer Nije Silen

Masquerade Theater Jongerein motto:

"Fan, Foar en Troch jongerein"

Fan bestjoer oant klean, rekwisiten, technyk en muzyk oeral klinkt harren eigen ideeën en stim yn troch. Troch it sels te dwaan leare wy it meast! Dat is de krêft en it ferskil fan ús jongerein.Keunst en kultuer is in wichtich ding foar elk bern. De wrâld op harren eigen manier ûntdekke. By ús is neat gek en kinst dysels wêze. Meitinke, dwaan, leare en sjen litte wat foar moais wy tegearre meitsje. Wurkje oan wat bysûnders mei in prachtige ploech kreative jongerein fan 8 oant 18 jier.

Masquerade Theater Jongerein is neat sûnder harren stipers en de minsken dy’t ús ploech in waarm hert tadrage. Lâns dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sûnder jim help wie it ús net slagge!