MASQUERADE THEATER PRESINTEARRET

NIENKE

 

Wy spylje sneintemiddei 30 juny!!

14.30 tún iepen 15 oere los.

Wolle jo op jûntiid ús prachtfoarstelling sjen? Reservearje dan jo kaarten foar freed 28 of sneon 29 juni!!! 19.30 tún iepen 20 oere los.

Yn juny 2019 komt Masquerade Theater mei NIENKE. In bysûndere produksje! Op dit stuit binne wy ûnder lieding fan Eline de Vries en Bianca Wiersma drok dwaande mei de tariedingen! Teksten skriuwe, muzyk komponearje, dekor ûntwerpe, repetearje en alles wat noch mear dien wurde moat om dizze nije iepenloftfoarstelling wer ta in súkses te meitsjen. 

NIENKE giet oer it libben fan Sjoukje Maria Diderika Troelstra- Bokma de Boer. Sy wie de frou fan Pieter Jelles Troelstra mar ûnder oare ek de skriuwster fan De Tsien fan Martens Afke/ Afkes Tiental. Se is better bekend ûnder har pseudonym Nynke fan Hichtum.

It stik giet dus oer Nienke (Sjoukje), mar ek oer Afke. Wy brûke ferhalen út har boek, Afkes Tiental. Sa rinne de beide libbens yn elkoar oer en wurdt dúdlik dat Afke's libben eins net safolle ferskilt fan Nienke har eigen libben. Nienke wie de earste frou dy yn de sjoernalistyke wrâld wurke. Wy litte sjen dat it libben fan in frou yn in mannenwrâld noch net sa maklik is, mar ek dat maatskippij fan doe net safolle ferskilt fan dy fan no as wy soms tinke.

It stik spilet oan'e ein fan de 18e ieuw. Fandêr dat wy ek aldere, minder gongbere wurden brûke en sa wer ûnder de oandacht bringe. Njonken it brûken fan de Fryske taal yn it sprekken en sjongen, hawwe wy dit jier ekstra útdaging foar jo yn petto. Sa as jo grif wol witte hawwe Sjoukje en Pieter Jelles prachtige gedichten neilitten. Foar ús in útdaging om de dichterlike ynstek yn ús stik te ferwurkjen en jo as publyk te ferrassen fansels.

Koartsein reden genôch om dizze simmer nei Foarwei 183 te Kollumersweach te gean foar in spetterjende foarstelling!

Kaarten reservearje foar de foarstelling NIENKE kin fanôf ein februaris fia de online ticket service. (Jo kin se no nog net bestelle. dêr binne wy nog mei dwaande)

Klik hjir foar de spyldata.

Folgje ús op Twitter @masqueradeFRL en #Check&Like ús Facebookpagina

Sponsoaren

Lâns dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sûnder jim help wie it ús net slagge!

Sponsor Product
HSB Volendam Hout en steigerdelen
Pompstra Loods decorbouw
van Seggeren Installatietechniek
M Wiersma Website & Hosting
F. Sangers Fotografie
F. Sangers Poster ontwerp
J. Jager Reclame materiaal
K.J. de Groot & Robert Korte Licht & Geluid
VIREMA Videoproducties Trailer
Staf Friesland Sponsor
Rabobank Noardeast Fryslân Sponsor
DDFK gemeenten Sponsor
Douwe Kalma Stifting Sponsor
P.W. Janssen’s Friesche Stichting Sponsor
Plaatselijk Belang Kollumerzwaag Diverse diensten en sponsor
Spar Kollumerzwaag Kaartverkoop

Fideo

Hjirboppe de fideo fan it stik fan ferline jier. 

Bisto benijd wat wy dit jier dwaan gean?
Hâld dan de webside yn de gaten!