Leuk datsto sjochst op ús webside! Op dit stuit binne we drok dwaande mei ús nije foarstelling Dreamlân. It is een aventoer foar jong en âld en it liket wer in grut spektakel te wurden.

In kostbere skat is stellen fan it skip fan kaptein H. Dêrom ûntfiert hy “Wendy” teminsten dat tinkt hy. Hy wol har ruilje tsjin de skat en set Peter ûnder druk.
Mar ienkear oankaam yn Dreamlân lizze de kaarten ynienen oars en bedarje se yn ûnwerklike, hast magyske situaasjes. Belibje se dit echt of dreame se it allegear?
Dit iepenloftspul is skreaun yn opdracht fan it jongereinbestjoer. It is in ferhaal fol jaloerskens, spanning en sensaasje, mar ek mei sprankeljende leafde en freonskip foar altyd.
Op it stuit binne we fersjoen yn alle rollen, mar wa wit komt der in plakje frij of wolst miskien wol de folgjende kear meidwaan. Do meist altiid ris kontakt mei ús opnimme. Dat kin mei dit opjefteformulier
Repetysjes binne fanôf jannewaris op tongersdeitejûn fan 19:00 oant 21:30 en fanôf febrewaris komt ek tiisdeitejûn 19:00 oant 21:30 + sa no en dan in Repetysje snein yn De Bazuin op’e Trieme.
Útfierings binne op 26,27,28 juny en 3,4,5 july yn Dokkumer Nije Silen
Masquerade Theater Jongerein motto:
"Fan, Foar en Troch jongerein"
Fan bestjoer oant klean, rekwisiten, technyk en muzyk oeral klinkt harren eigen ideeën en stim yn troch. Troch it sels te dwaan leare wy it meast! Dat is de krêft en it ferskil fan ús jongerein.Keunst en kultuer is in wichtich ding foar elk bern. De wrâld op harren eigen manier ûntdekke. By ús is neat gek en kinst dysels wêze. Meitinke, dwaan, leare en sjen litte wat foar moais wy tegearre meitsje. Wurkje oan wat bysûnders mei in prachtige ploech kreative jongerein fan 8 oant 18 jier.
Masquerade Theater Jongerein is neat sûnder harren stipers en de minsken dy’t ús ploech in waarm hert tadrage. Lâns dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sûnder jim help wie it ús net slagge!
